• 1
  • 2

Sykje

p/a Buorren 26
9044 MH Bitgum

ynfo@tsjil.org

06 2340 8605

Welcome to 888 bonus codes information.


  • 6 septimber
    Mobile
    Hjoed wurdt sutele yn Menaam en Warten.

    Menaam | organisaasje fanfare Constantia | starttiid: 9.00 oere | startlokaasje: muzyklokaal oan de Greatebuorren
    Opbringst: € 2.656,51

    Warten | organisaasje kuorbalferiening SV Sparta | starttiid: 9.00 oere | startlokaasje: kantine SV Sparta
    Opbringst: € 2.028,93

  •  13 septimberHjoed wurdt sutele yn Feanwâlden.

    Feanwâlden | organisaasje doarpsbelang | starttiid: 9.15 oere | startlokaasje: Doarpshûs De Mienskip


  • 18, 19, 20 septimber
    Drachtster Boeke3daagse.

    Lês fierder by Drachtster Boeke3daagse


  • 20 septimber
    Hjoed wurdt sutele yn Boarnburgum en Wergea.

    Boarnburgum starttiid: 9.30 oere | startlokaasje: garaazje Paulusma

    Eksmoarre | Allingawier | organisaasje toanielferiening Nij Begjin | starttiid: 9.00 oere | startlokaasje: doarpshûs It Honk

    Wergea | organisaasje KV ’t Oosten en filmcafé Bagdad | starttiid: 10.00 oere | startlokaasje: Us Doarpshûs

  • 1
  • 2
  • Tsjil
  • Bestjoer
  • Skiednis
  • Kontakt

Tsjil is oprjochte yn desimber 2013 en hat as doel de befoardering fan de ferkeap fan Fryske boeken en boeken oer Fryslân.

It bestjoer fan de Stifting Tsjil bestiet út (fan rjochts nei links) Ferdinand de Jong (foarsitter), Jacob Stelwagen (skriuwer), Daam de Vries (lid), Hilda Talsma (lid) en Martsje de Jong (ponghâlder). (foto: Klaske Dijkstra)

 

Op 16 oktober 2009 wie de lêste sutelaksje sa’t dy oant dan organisearre waard (sjoch Wikipedia). Wy binne fan betinken dat it ophâlden sûnder goede ferfanging in minne set west hat.

Op 13 oktober 2013 poste ien fan ús it neikommende op Facebook:

In skriuwer dy’t foar himsels skriuwt, mat dat foaral dwaan bliuwe. Ik skriuw en omdat ik it aardich fyn, en omdat ik hoopje dat der oaren binne dy’t dat ek fine. Dus bin ik it folslein mei Jacob Stelwagen iens dat se dêr yn Ljouwert mar ris mei it wetter foar de dokter moatte en tajaan dat de sutelaksje ôfskaffe net it meast handige beslút west hat. Dan is dat út de wei en kinne je besykje om de boeken wer by de minsken thús te krijen. Want sa as it no giet, komt it net goed. Dat wit eltsenien wol. As skriuwers wolle dat harren boeken lêzen wurde, sil der aksje komme moatte. En nee, Elske Schotanus, net alles dat yn it ferline barde wie ferkeard en efterhelle. Sutelje is noch altyd de meast effektive wize om boeken oan de man/frou te krijen.

Noch deselde jûns rûgele dêr út dat der fannijs sutele wurde soe en de datum wie ek daliks bekend: 9 novimber 2013 yn Bitgum, Bitgummole (en letter Ingelum derby).

Sân minsken (Ferdinand de Jong, Martsje de Jong, Willem Schoorstra, Jacob Stelwagen, Hilda Talsma, Rommert Tjeerdsma en Daam de Vries) kamen op 16 oktober byinoar om ien en oar ‘live’ te bepraten.

De fierdere oerlizzen ferrûnen meast digitaal fia in tsjetboks op Facebook, op 31 oktober wie der noch in ‘live’ gearsit om de lêste dingen te bepraten.

Sûnder ea immen konkreet frege te hawwen wie de meiwurking fan alles en elkenien oerdonderjend en noch foar’t der sutele wurde koe wie it allinnich dêrom al in grut súkses.

It suteljen sels wie sa mooglik in noch grutter súkses mei yn 3 oeren in omset fan in lytse fiiftûzen euro. In súkses dat neffens de inisjatyfnimmers ta ferplichtings late wat se oars stikem ek al hope hiene.

Op 13 desimber hat in lytse delegaasje by de notaris west om te kommen ta de oprjochting fan in stifting om ien en oar fierder stal te jaan. Op dit stuit sitte jo op de webside fan dy stifting te lêzen:

Stifting Tsjil

De sokken der yn, wy bliuwe lykwols al wat op ôfstân en ûnder it motto ‘graach of net’ mei elk gebrûk meitsje fan ús tsjinsten mar noegje wy harren benammen út sels te

chillen

om’t tsjillen no ienkear bewiisd hawwe dat jo der mei syn allen tige fan yn de fleur reitsje kinne.

Gewoan begjinne.

Stifting Tsjil
Buorren 26
9044 MH Bitgum

Dit e-mailadres wurdt befeilige tsjin spambots. JavaScript moat ynskeakele wêze om it te besjen.

06 2340 8605

Boeketip

  • It Sunhouse Mystearje | Anders M. Rozendal +

    It Sunhouse-mystearje is in geweldich, romantysk fakânsjeboek. De haadpersoan, Janny Boersma, is nei in kuierfakânsje oan de súd-Ingelske kust har mear...
  • 1